Bleate GHB-brûker fan balkon helle yn Ljouwert

30 mrt 2018 - 12:13

In 48-jierrige man is tongersdeitejûn yn Ljouwert oppakt om't er neaken op in balkon stie. De plysje hat de man fan it balkon helle. It die bliken dat er de drug GHB brûkt hie. Hy is dêrnei meinaam nei it plysjeburo.

Foar de plysje-auto springe

Ek op oare plakken yn Ljouwert hie de plysje it drok mei minsken dy't ûnder ynfloed fan drank en drugs wiene. Sa moast in 37-jierrige frou mei in ambulânse nei it sikehûs brocht wurde nei't se tefolle drugs brûkt hie. Ek sy wie ûnder ynfloed fan GHB. De frou foel yn de rin fan de jûn minsken op strjitte lestich. Doe't de plysje har oanhâlde woe, gie se foar de tsjillen fan de plysje-auto lizzen en woe dêr net mear weikomme. It is de plysjes úteinlik slagge har op te pakken en yn de ambulânse te krijen.

Fierders waard in 40-jierrige man út Drinte oanhâlden fanwegen iepenbiere dronkenskip. Hy krige in proses-ferbaal en neisoarch.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje drank drugs
(advertinsje)