Minority SafePack oer miljoen hantekens hinne

30 mrt 2018 - 12:08

It Europeesk boargerinisjatyf Minority SafePack foar minderheidstalen liket te slagjen. Organisator FUEN út Dútslân lit yn in parseferklearring witte, dat oant freedtemoarn ta 1.046.690 minsken har hanteken set hawwe. Dat is sa'n 4 persint mear as it fereaske minimum fan 1 miljoen hantekens. It doel fan Minority SafePack is, om it ûnderwerp minderheidstalen op de politike aginda te krijen fan it Europeesk Parlemint en de Europeeske Kommisje. As der mear as ien miljoen jildige hantekens binne, is de Europeeske Uny ferplichte om it foarstel yn behanneling te nimmen.

Stipe

De measte hantekens foar it Minority SafePack komme út lannen as Hongarije, Roemenië, Letlân, Litouwen, Slowakije en Spanje. Yn it noarden en westen fan Europa wie de stipe foar it inisjatyf folle minder grut. Yn Nederlân binne bygelyks mar sa'n 3.000 hantekens ophelle en yn Ierlân noch gjin 300. Yn Nederlân waard de aksje foar it Minority SafePack stipe troch de provinsjes Fryslân en Drinte en troch organisaasjes as de Ried fan de Fryske Beweging en it Europeesk Buro foar Lytse Talen.

Hantekens sette foar it Minority SafePack kin noch hieltyd, want it boargerinisjatyf rint oant en mei tiisdei 3 april. Op woansdei 4 april sil FUEN bekend meitsje hoefolle hantekens der mei-inoar sammele binne. Dy hantekens wurde oanslutend noch wol op echtheid kontrolearre troch de lidsteaten fan de Europeeske Uny.

Oant no is it noch mar fjouwer Europeeske boargerinisjativen slagge om mear as ien miljoen jildige hantekens te sammeljen. Juridysk meiwurker Frank de Boer fan FUEN wiist der op dat by eardere boargerinisjativen yn trochsneed sa'n tsien persint fan de hantekens ûnjildich wie, omdat it formulier net goed ynfolle wie. Hy hâldt der rekken mei dat ek by Minority SafePack guon hantekens ôffalle sille. Hy ropt de minsken dy't noch net tekene hawwe op om dat de kommende dagen te dwaan, sadat it boargerinisjatyf in 'feilige marzje' krijt.  

(advertinsje)