'Froulike' ried fan gemeente Hearrenfean ynstallearre

30 mrt 2018 - 06:26

De gemeenteried fan Hearrenfean bestiet no offisjeel foar de helte út froulju. Yn in folle riedseal hat de ynstallaasje plakfûn. Yn totaal binne 15 fan de 31 riedsleden in frou. Boargemaster Tjeerd van der Zwan is goed te sprekken oer de nije man-frou ferhâlding yn de ried. "Er ontstaat een bredere blik op veel zaken met andere invalshoeken. Het wordt diverser en dat is alleen maar goed."

Allochtoanen

De froulike gemeenteriedsleden sizze it super te finen dat der safolle froulju binne, mar dochs is de situaasje noch net perfekt. Gerrie Rozema fan GrienLinks dêroer: "Er zitten bijvoorbeeld geen allochtonen in de gemeenteraad, dus een echte afspiegeling zijn we nog niet."

(advertinsje)