Stedskeunstner Faber op syk nei sterke doarpsferhalen

31 mrt 2018 - 06:58

Stedskeunstner fan Ljouwert Jamila Faber is úteinset mei in nij projekt. Foar dit projekt giet se de provinsje yn op syk nei sterke ferhalen. "Ik ga langs elf dorpen, op zoek naar bijzondere verhalen van gewone mensen", fertelt se. De ferhalen wurde ferwurke ta in album mei alve ferskes. It is de bedoeling, dat it album yn septimber klear is. "Dan toer ik langs de dorpen, om te laten zien en horen wat ik met hun verhaal heb gedaan", seit Jamila.

Stúdzjebol

It earste doarp dat Jamila oandocht is Jellum. Dêr siket se restaurant- en kafee-eigener Allard van der Haring op. Allard wit genôch sterke ferhalen en makket fan alles mei yn syn ytkafee Jonker Sikke. Faber hat al in idee oer de ynstek foar it ferske. "Het gaat over de hierarchie aan de bar", fertelt se. Allard fynt it moai hoe dat yn syn wurk giet. Hy fertelt oer eartiids, doe't in freon fan syn freonegroep studearjen gie. Fan doe ôf hearde hy der net mear by, fertelt hy. "Dan binne je in stúdzjebol. De minsken hjirre wurkje allegearre mei de hannen, dat is gewoan sa", seit van der Haring. "Nei it wurk moatte je even nei de kroech, even wat drinke, dat tink ik echt", seit hy. Thús giet Jamila daliks oan it wurk en al gau hat se in nûmer skreaun.

Entûsjasme

Jamila wol de doarpen fan in oare kant sjen litte. Net it nijs of de aktualiteit, mar de siel en it achterste fan de tonge fan de doarpen yn de foarm fan ferskes. De ferhalen dy't se sammelet hoege gjin persoanlike ferhalen te wêzen. It meie ek leginden of sterke ferhalen wêze. Just de sterke ferhalen fynt se moai, omdat dy mei entûsjasme en in bytsje oerdriuwing ferteld wurde. Oft de ferhalen wier binne, is net wichtich. It giet derom dat it ferhalen binne dy't mei jierdeis of jûns oan de bar ferteld wurde. De ferhalen binne unyk foar it doarp dêr't se bard binne of ferteld wurde, en tagelyk universeel foar it libben yn in doarp, miskien sels wol foar it libben as mins.

Ynstrumint

De muzyk makket se sels en wêr nedich mei oare muzikanten. De ynstruminten dy't se brûkt kinne fariearje fan in gitaar of ukelele oant synthesizers en drumkompjûters. Hokker ynstrumint Jamila kiest, hinget ôf fan de stimming fan it ferhaal en it ferske.

Doarpen

Jamila wol graach del by de doarpen en buorskippen Earnewâld, Tsjummearum, Boerum, Penjum, Aldeboarn, Burdaard, Moddergat, Sondel, Aldeberkeap, Bears, Jellum en Bakkefean. Yn in oantal hat se no west, mar der binne ek doarpen dêr't noch gjin ferteller fûn is. Minsken dy't in moai ferhaal witte út harren omjouwing, kinne sjen op de Facebookpagina Stadskunstenaar LWD. Hjir kin it projekt fan Jamila Faber ek folge wurde.

(advertinsje)