WTC Ljouwert tekenet ynternasjonaal akkoart

29 mrt 2018 - 22:39

It WTC Ljouwert en it WTC Shanghai tekenje yn april in oerienkomst om harren gearwurking op it mêd fan hannel te fersterkjen. Datselde jildt foar it WTC Las Vegas. Mei de oerienkomst ûntstiet neffens de Managing Director fan it WTC in moaie ûntwikkeling foar Noard-Nederlân mei kânsen foar regionale ûndernimmers.

De gearwurking bestiet út it útwikseljen fan kontakten, it stimulearjen fan ynvestearringen en it opsetten fan hannelsmissys. De ûndertekening fynt ein april plak op it WTCA General Assembly. Dit is de jiergearkomste dêr't alle oansluten WTC's inoar moetsje om kennis te dielen. Der binne sa'n 75 bedriuwen út 60 lannen oanwêzich. Ek binne 150 Nederlânske dielnimmers útnûge om ynternasjonale kontakten te lizzen.

Trefwurden: 
oerienkomst WTC Ljouwert
(advertinsje)