Beloften SC Cambuur nei heale finale beker

29 mrt 2018 - 22:09

Mei in lyk spul tsjin Jong NEC hat Jong SC Cambuur him tongersdei pleatst foar de heale finale fan de bekerkompetysje. De Ljouwerters kamen yn de earste helte fan de thúswedstriid op 1-0 efterstân, mar wisten werom te kommen yn de twadde helte. Tyrone Conraad makke der mei in moai skot 1-1 fan. 

De heale finale wurdt in Fryske derby, want dan treft Jong SC Cambuur as tsjinstanner Jong SC Hearrenfean. Dy wedstriid wurdt kommende tiisdeitejûn spile yn it Cambuur Stadion yn Ljouwert.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)