Fryslân wurket gear mei earme provinsje Seelân

De provinsjes Fryslân en Seelân sille yntinsiver mei-inoar gearwurkje. Dat seit kommissaris fan de Kening Arno Brok. Seelân sit op it stuit yn finansjeel swier waar. Alle provinsjes ha earder al tasein jild oan Seelân te jaan. Fryslân jout 1,5 miljoen euro.
Brok wol fierder mei Seelân sjen oft se pilot wêze kinne foar it ministearje fan Ynlânske Saken by bepaalde fraachstikken. No moat faak noch tastimming frege wurde yn Den Haag, mar Brok wol sjen oft Seelân en Fryslân saken ek sûnder dy tastimming regelje meie. Foar de simmer moat dêr mear dúdlikheid oer komme.