Binnen healjier begjinne mei rap ynternet yn bûtengebieten

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Kabelnoord begjint binnen in healjier mei de oanlis fan rap ynternet yn de bûtengebieten fan Fryslân. Binnen trije jier moat yn alle gefallen 90 prosint fan de húshâldens yn de bûtengebieten oer rap ynternet beskikke. It giet dan om sa'n 20.000 oanslutingen. Om dit mooglik te meitsjen krijt Kabelnoord in liening fan 35 miljoen euro fan de provinsje en 57 miljoen euro fan de BNG Bank en de ABN AMRO Bank.
De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne as earsten oan bar. Noch foar de boufak sil mei de wurksumheden begûn wurde.