Pykjes yn Wolvegeaster etalaazje fuort helle

Pykjes yn de etalaazje by elektroanikawinkel Expert yn Wolvegea © Facebook
Libjende pykjes dy't yn de etalaazje te sjen wiene by in elektroanikawinkel yn Wolvegea, binne fuort helle. Dit is neffens it Comité Dierennoodhulp dien op harren oantrunen. Se hiene der in brânbrief oer stjoerd nei it haadkantoar.
De pykjes stiene yn de etalaazje as peaske-attraksje. De eigener fan de winkel seit dat de bisten werom binne nei wêr't se wei komme en dat se dêr skarrelje kinne oant se fan âlderdom deageane. It haadkantoar fan de elektroanikawinkel hat witte litten, dat se libjende bisten yn de winkels net winsklik fine.