Smellingerlân kiest foar Ton Baas as ynformateur

Ton Baas © Omrop Fryslân
Ton Baas sil de petearen foar in nije koälysje yn de gemeente Smellingerlân begeliede. De grutte winner fan de ferkiezingen yn dy gemeente ELP hat sneon mei alle fraksjes praat. Nei oanlieding fan dy earste ferkenning is keazen foar VVD-er Baas as ynformateur.
De folgjende stap is takom wike woansdei. Dan binne alle fraksjes útnûge foar in gearkomste. De partijen wurdt frege hoe't se tsjin de ferkiezingsútslach oansjogge en watfoar boadskip se meijaan wolle oan de ynformateur.