Betinking yn Koarnwert foar dichter Obe Postma

29 mrt 2018 - 20:25

Yn Koarnwert is tongersdei in spesjale betinking foar dichter Obe Postma hâlden. It is dit jier 150 jier lyn dat Postma berne is. Ta eare dêrfan hat kommissaris fan de Kening Arno Brok in blomstik by it grêf fan Postma lein by de Sint Bonifatiustsjerke yn Koarnwert. Direkteur Bert Looper fan Tresoar droech foar út it wurk fan Postma. Obe Postma is berne yn Koarnwert en hat in protte skreaun oer it Fryske lân en har bewenners troch de tiid hinne. Op syn grêfstien falt te lêzen: "Dichter fan 't Fryske lân".

Obe Postmadagen

Op 6, 7 en 8 april binne de Obe Postmadagen. Der wurdt dan ûnder oare in nij boek presintearre, in kuier organisearre en in konsert hâlden. Mear ynformaasje dêroer is te finen op de webside obepostma.nl.

(advertinsje)