Fertutearze pakhûs Noarderhaven Harns opknapt

29 mrt 2018 - 18:01

It âlde pakhûs oan de Noarderhaven yn Harns is wer iepen nei in yngreven opknapbeurt. Acht jier lang stie it monumintale gebou út 1657 leech en rekke it fertutearze. Mei help fan fûnsen en de provinsje binne der apparteminten boud en is der in bedriuwsromte makke.

It ûntwerp is makke troch arsjitekt Thijs Bennebroek fan Vereniging Hendrick de Keyser. Hy is ôfstudearre op de renovaasje fan it gebou. Yn it ferline wie op de ûnderferdjipping in âld wynpakhûs. Op de oare etaazjes waard nôt opslein.

Trefwurden: 
Harns Noarderhaven
(advertinsje)