Poëtyske ierappels fan Malta werom op Fryske grûn

29 mrt 2018 - 17:43

De Malteeske ierappels binne wer werom yn Nederlân. It giet om de earste risping fan it jier 2018. It bysûndere is dat it giet om de poaters dy't ôfrûne hjerst op It Bilt fan it lân helle binne en doe nei Malta brocht binne. No binne se dus wer werom yn Fryslân. Malta is tagelyk mei Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa en de ierappelútwiksel is ûnderdiel fan in mienskiplik kultureel projekt, Poetic Potatoes.

Gedichten

De earste Malteeske ierappels kamen tongersdeitemoarn oan by it gemeentehûs fan Waadhoeke yn Frjentsjer. Dêr stie in delegaasje mei ûnder oare de ambassadeur fan Malta se op te wachtsjen. In Malteesk gedicht wie yn fjouwer talen (Malteesk, Ingelsk, Nederlânsk en Biltsk) oan de jute ierappelsekken fêstmakke.

It idee fan Poetic Potatoes is dat poatierappels sûnt 2014 mei in Frysk gedicht nei Malta brocht wurde. De dêr ferboude Malta's wurde mei in Malteesk gedicht yn de hannel brocht. De spesjaal ferpakte ierappels dy't tongersdei nei Frjentsjer brocht waarden, binne likernôch ien moanne lang te krijen by selektearre supermerken.

It is it lêste projekt fan Poetic Potatoes foar it Kulturele Haadstêd-projekt Potatoes Go Wild.

(advertinsje)