Primeur Nij Smellinghe foar ynformaasjebefeiliging

Nij Smellinghe yn Drachten
Nij Smellinghe yn Drachten hat as earste sikehûs fan Nederlân in sertifikaat krigen, omdat it de befeiliging fan pasjintegegevens en oare ynformaasje goed op oarder hat. Nij Smellinghe foldocht oan ynternasjonale easken op it mêd fan ynformaasjebefeiliging. Dat seit keuringsorganisaasje KIWA, dy't it sertifikaat útrikt hat.
Neffens KIWA is Nij Smellinghe in organisaasje dy't leare wol en himsels hieltiten ferbetterje wol. It ISO-sertifikaat is dêr it bewiis fan.