FIDEO: Fuortbestean lesprojekt Lyts Tolsum op losse skroeven

It unike lesprojekt fan soarch- en learbuorkerij Lyts Tolsum by Tsjom stiet op losse skroeven. Fan de tweintich bern dy't der binne, krije der seis yndividueel les. De faak autistyske bern mei gedrachsproblemen wurde allinnich by Lyts Tolsum sa yntinsyf begelaat dat se in diploma helje. Mar de gemeenten, dêr't de bern wenje, wolle nei dit skoaljier gjin jild mear jaan foar de lessen. Neffens harren is it jild, dat útjûn wurdt oan ûnderwiis, bedoeld foar soarch.
De soargen oer it fuortbestean liede ta útfal fan eksamenkandidaten en ta stress by bern en begelieders.