Chris de Wagt bliuwt oan as trainer by Jong SC Hearrenfean

29 mrt 2018 - 16:19

Fuotbaltrainer Chris de Wagt hat syn kontrakt by Sportklup Hearrenfean mei twa jier ferlinge. Hy bliuwt oant de simmer fan 2020 de einferantwurdlike by Jong SC Hearrenfean. De Wagt kaam ferline simmer by de klup en stiet op it stuit mei syn team boppe-oan yn de beloftekompetysje. De ploech ferlear dit seizoen noch mar ien wedstriid en helle fan 'e wike de heale finale fan it bekertoernoai.

De Wagt is no noch haadtrainer by ONS Snits, mar dêr hâldt er nei dit seizoen mei op.

(advertinsje)