Grinsrjochter Erwin Zeinstra mei wer nei it WK fuotbal

29 mrt 2018 - 16:03

Grinsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp is kommende simmer op 'e nij aktyf op in wrâldkampioenskip fuotbal. Wrâldfuotbalbûn FIFA hat tongersdeitemiddei de definitive list bekend makke fan skiedsrjochters en assistint-skiedsrjochters dy't op it toernoai yn Ruslân yn aksje komme. It is foar de twadde kear dat de Rypster op in WK flagje sil. Ek yn 2014 yn Brazilië wie Zeinstra der by. Heal juny set it WK yn Ruslân útein.

Lêste kear

It is wol de lêste kear foar Zeinstra dat hy grinsrjochter is op in WK. It is foar harren team, mei dêryn ek skiedsrjochter Björn Kuipers en de oare grinsrjochter Sander van Roekel, yn ferbân mei harren leeftiid net mooglik om op noch in eintoernoai oanwêzich te wêzen.

Nij hichtepunt

It is foar Zeinstra in nij hichtepunt yn syn karriêre as grinsrjochter. Yn 2012 en 2016 wiene se al by it EK fuotbal en yn 2014 dus al by it WK. Ek laten de manlju noch wedstriden op de Confederations Cup en finales fan de Champions League en Europa League.

Trefwurden: 
fuotbal Erwin Zeinstra
(advertinsje)