Fryske famkes nei heale finale Prinses Christina Concours

29 mrt 2018 - 15:33

De 13-jierrige Nynke Dijkstra fan Terkaple en de 17-jierrige Welmoed Poelstra fan Hallum binne selektearre foar de heale finale fan it Prinses Christina Concours foar klassike muzyk. Nynke spilet klarinet en Welmoed spilet piano. Se geane op sneon 7 april de striid oan mei 24 oare heale finalisten út it hiele lân wei. Dy meie allegearre tsien minuten optrede.

In sjuery makket oan de ein fan de dei bekend wa't trochgeane nei de finale op sneon 21 april yn Den Haag.

(advertinsje)