Kollum: "Misofony"

30 mrt 2018 - 07:26

"Ik seach lêst op it nijs eat oer misofony. Dat is in oandwaning yn 'e harsens by minsken dy't wol gek wurde kinne fan bepaalde lûden. Se kinne der sels agressyf fan wurde. It wurd 'misofony' betsjut letterlik haat foar lûd. Minsken dy't it hawwe wurde oerfallen troch walging of ekstreme lilkens as se triggere wurde troch lûden as kôgje, slokke, hoastje en sels sykhelje kin al tefolle wêze.

Ik waard wol triggere troch dy útstjoering want ik werkende der in oantal dingen yn. Minsken dy't bygelyks smakke of sloarpje kin ik wol wat oandwaan. Ik ha ek ris immen troffen dy't prate mei in roggel yn 'e kiel sûnder dy troch te slokken of út te spuien en dy roggel hie ik der ek wol graach út skoppe wollen. Om mar net te praten fan lju dy't hieltyd it topke fan de fingerneilen tsjin elkoar tikje of mei klapperjende keunstgebitten ite.

As je misofony ha, dan ha je dus in offisjele steurnis dy't it libben beheint omdat je bepaalde persoanen of situaasjes mije en dêr kin ik my bêst wol wat by foarstelle. Der binne gjin medisinen foar, mar der is wol in bepaalde gedrachsterapy. No binne der gjin minsken of situaasjes dy't ik mij, mar wat kin ik my bytiden ergerje.

Op 't heden fyn ik dat in hiele soad lju net fatsoenlik mear prate kinne. Sokken prate út 'e strôt wei of lispelje my tefolle. Dúdlik artikulearje is der net mear by en it liket wol in moadeferskynsel te wêzen. Doe't wy lêst yn it fleantúch sieten wie der in stewardess dy't hieltyd 'Alstublieftsss, alstublietsss,' sei en ik koe dat minske op it lêst wol sjitte. Guon sjongers dogge it ek en ik begryp soks net. It is 'alstublieft en net alstublietsss'. En ik krij ek it hinne en wer fan froulju dy't hieltyd mei sa'n hege kopstim prate.

Ik folgje wolris sprutsen meditaasjes en dan is der ek in frommes dat begjint te lispeljen as se op sa'n hypnotisearjende wize begjint te praten. En dan moat ik my dêr by ûntspanne? Tocht it net want ik wurdt der hielendal raar fan. 'Praat normaal, ûnnoazel wiif, want dat kinst oars ek,' tink ik dan. En de man dy't in kear by my yn in wachtkeamer siet en hieltyd syn neilen tsjin elkoar oan tikke, woe 'k ek wol goed it leksum opsizze mar dat ha 'k net dien. Ik bin fatsoenlik grutbrocht en ik wit wol dat it myn probleem is.

Mar oan 'e oare kant... as ik tsjin immen oer sit dy't freeslik sit te smakken en it dan ek noch prestearret mei de mûle iepen te iten en mei de tonge hieltyd it iten der heal út triuwt, dan freegje ik my wolris ôf wa't no hjir eins in probleem hat. Ik ergerje my dêr freeslik oan, mar dy persoan soe ek fatsoenliker ite kinne. En lju dy't net fan doel binne om dúdliker te praten, soene bygelyks nei in logopedist gean kinne of har gewoan opskerpje moatte.

Der wurdt wol sein dat ast dy oan in oar steurst, dy eins oan dysels steurst en datst leare kinst fan dyn ergernissen. Om dêr efter te kommen, moat ik dochs echt earst nei in terapeut want ik fyn noch altyd dat dy oare minsken net sa yrritant dwaan moatte. Mar de terapeut dêr't ik by op 'e stoel telâne kom, moat net lispelje, roggelje, suchte, steune, kreune, smakke, syn neilen tsjin elkoar tikje, út syn snút stjonke, nei swit rûke, mei de finger op 'e tafel roffelje en mei de foet wibelje, want dan hat er in hiel grut probleem."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)