FIDEO: Grytz en Grize coverje 'As it jo wil is'

Grytz en Grize hat it nûmer 'As it jo wil is' covere fan Gerrit Breteler foar de muzykrubryk. Yn de muzykrubryk fan Omrop Fryslân daget presintator en sjonger Raynaud Ritsma Fryske artysten út. Se krije as opdracht in ferske út de Fryske Top 100 te coverjen. In ferske dat fier fan harren eigen styl ôf stiet. Mei as doel: nije nûmers kreëarje en in oare blik op Fryske nûmers.
Leonard Cohen yn it Frysk
Gerrit Breteler hat yn 2009 it nûmer 'If it be your will' fan Leonard Cohen covere. Dit wie yn it ramt fan it projekt Leonard Cohen yn it Frysk. Breteler wie frege foar it projekt en doe wie dit it nûmer dat oerbleau. "Ik tink dat it in dreech nûmer is om te coverjen troch de religieuze aspekten. Dus doe ha se tocht: dat kin Gerrit wol!" En it is him ek slagge. It nûmer stiet al jierren yn de Fryske Top 100.
Fryske kontekst
"Ik ha wol besocht om it nûmer wat mear Frysk te meitsjen. Net allinnich mei de taal, mar ek mei de metafoaren." As foarbyld fertelt er dat Cohen it hat oer bergen yn syn nûmer. "Wy ha yn Fryslân gjin bergen. Dus dêrom ha ik der fan makke: As it jo hân is, de wiisheid no, fan 't fertoarke strân is, dan sjong ik foar jo. Op dizze wize hoopje ik dat it nûmer tichterby de Friezen komt."
Krematoariumkreakers
Breteler fertelt dat de nûmers dy't hy sjongt foar in bepaald publyk binne. "It binne eins krematoariumkreakers. Dêr wurde se in hiel soad draaid en ik wurd ek frege om te sjongen by tsjinsten." Hy seit dat minsken yn dizze tiid fan ûnttsjerkliking treast sykje yn syn nûmers en dat is foar him hiel bysûnder.
Sjoch foar alle covers fan de muzykrubryk op omropfryslan.nl/muzykrubryk.