FIDEO: Aksjegroep protestearret tsjin gaswinning by Ternaard

29 mrt 2018 - 14:24

De ynwenners fan Ternaard binne hielendal klear mei de plannen foar gaswinning. Se fine dat der yn de omjouwing al genôch nei gas boarre wurdt en binne it net iens mei it omjouwingsproses dat de NAM oanfreget om te sjen oft it gebiet by Ternaard wol geskikt is om nei gas te boarjen.

Dat is net nedich, sizze de tsjinstanners, om't der by Peazens-Moddergat, Eanjum, Ie en Blije al boarre wurdt. Neffens de tsjinstanners hat der sels al in ierdbeving west. In KNMI-stasjon by Nijewier soe alris in beving registrearre hawwe, mar dat is nea nei bûten kaam, sa seit aksjegroep Ternaard Foar de Wyn.

(advertinsje)