Offisier fan justysje wol twaenheal jier sel foar stalker

29 mrt 2018 - 14:05

Tsjin in 58-jierrige man út Burgum is twaenheal jier sel easke omdat er him skuldich makke hawwe soe oan stalking. De man hat meardere minsken driichmails stjoerd, ûnder oare nei syn eks-partner, âld-kollega's en famylje fan syn eks. Yn de mailtsjes stiene deadsbedrigingen, soms foarsjoen fan skeinde liken.

De fertochte hat earder tsjin de plysje sein dat syn eks-partner en har broer syn mail-account kreake ha en de driichmails ferstjoerd hawwe. De offisier fan justysje is der lykwols fan oertsjûge dat de fertochte dêr sels efter sit. De man moat eins behannele wurde, mar dat wegeret er. Dêrom is der in finzenisstraf fan twaenheal jier easke. De rjochtbank docht op 12 april útspraak.

Trefwurden: 
stalker
(advertinsje)