Mathieu ûntbrekt dit wykein by Cambuur; op 'e nij straf

29 mrt 2018 - 13:30

Justin Mathieu docht freed tsjin FC Volendam en moandei tsjin FC Eindhoven net mei by SC Cambuur. De oanfaller wurdt dit wykein bûten de seleksje litten, om't er him net oan de ôfspraken hâlden hat. Mear woe trainer René Hake dêr net oer sizze. It is al de twadde kear dit seizoen dat it Mathieu oerkomt, ûnder Marinus Dijkhuizen waard er ek al in kear skorst.

Njonken Mathieu ûntbrekke ek Jordy van Deelen (knibbelblessuere) en Matthew Steenvoorden (skorsing). Se wurde ferfongen troch Kenny Teijsse, dy't debutearret, en Martijn van der Laan. Foaryn is Xander Houtkoop de ferfanger fan Mathieu. Fierder lit Hake syn ploech yntakt.

Wichtich wykein

Cambuur stiet foar in wichtich wykein. As de Ljouwerters dit wykein beide wedstriden winne, wurdt de kans op it heljen fan de play-offs grutter. "Dit is het moment waarop je moet toeslaan. Twee thuiswedstrijden tegen directe concurrenten", fertelt Hake. "Het komt steeds dichterbij de cruciale eindfase van de competitie."

Ek Martijn Barto is him dêrfan bewust. "Het is ontzettend belangrijk. Het vertrouwen om de play-offs te halen is er nog steeds." Dizze wike hat de oanfaller om tafel sitten mei de kluplieding oer syn ôfrinnende kontrakt. "Het was een positief gesprek. Mijn intentie is om langer bij Cambuur te blijven. Maar het is verstandig om er nu even niets meer over te zeggen. Binnen nu en drie of vier weken komt er meer duidelijkheid."

Sikeboech

De sikeboech fan Cambuur rint hieltyd mear leech. Omar El Baad, Furdjel Narsingh en Karim Rossi hawwe diels alwer mei de groep meitraind. Jurjan Mannes spilet tongersdeitemiddei foar it earst sûnt it brekken fan syn kûtbonke wer in wedstriid. Hy docht mei de beloften mei en dus komt syn rentree yn it earste ek hieltyd tichterby. Nigel Robertha hopet takom wike wer mei de groep mei te trainen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)