Reizgers wurdearje Arriva, mar masinisten wolle bettere CAO

Der wie tongersdeitemoarn gebak fan de provinsje Fryslân foar de masinisten fan Arriva. Deputearre Johannes Kramer brocht it gebak heechstpersoanlik nei de Arriva-kantine oan it Ljouwerter Stasjonsplein om syn wurdearring foar de masinisten en de oare meiwurkers út te sprekken. De oanlieding om dat te dwaan is it hege rapportsifer fan de treinreizgers foar de spoarlinen fan Arriva: dy wurdearje de regionale spoarlinen mei it rapportsifer 7,7 en dat is wer heger as ferline jier.
Kapasiteit útwreidzje
Kramer sjocht in goed perspektyf foar de regionale spoarlinen. Foaral op de spoarlinen Ljouwert-Grins en tusken Ljouwert en Snits sitte de treinen faak goed fol. De provinsje is dêrom dwaande mei plannen om de kapasiteit út te wreidzjen. Boppedat hat Arriva ek nije treinen besteld yn Switserlân, dy't de reizgers noch mear komfort biede moatte. Arriva hat op de regionale linen yn Noard-Nederlân in konsesje oant it jier 2035 en kin sadwaande noch wol even foarút.
Masinisten ferrast
De meiwurkers fan Arriva wiene tongersdeitemoarn ferrast troch de besite fan Kramer. Sy wurdearje it gebear fan de provinsje en ek de wurdearring fan de klanten. De meiwurkers ûnderskriuwe dat de treinen yn 'e regel goed op tiid ride en ek dat se net al tefolle klachten krije fan de reizgers.
CAO-ûnderhannelingen
Mar echt tefreden binne de masinisten fan Arriva net. Dat hat benammen te krijen mei de fêstrûne ûnderhannelingen oer in nije CAO. Fakbûn FNV is lilk fuortrûn fan de ûnderhannelingen en fakbûn CNV hat Arriva in ultimatum steld dat freed om 12.00 oere ôfrint. As der foar dy tiid gjin dúdlikheid is oer de frege leansferheging fan 3,5%, dan komme der mooglik nei it peaskewykein aksjes op it spoar yn Noard-Nederlân. De klantttefredenheid kin dan wol wer ris tebek rinne.
Unbegryp Arriva
Arriva lit sels wite dat it bedriuw net folle begrypt fan de opstelling fan de fakbûnen, want yn tsjinstelling ta de bûnen sjocht Arriva noch wol goede mooglikheden om der yn ûnderling oerlis út te kommen.
Lêste dei
Masinist Michael van Houten naam tongersdei ôfskied by Arriva. Hy hat it fak by Arriva leard, mar wol as masinist graach wat fierder sjen as Starum, Harns en Grins. Van Houten stapt oer nei de Nederlandse Spoorwegen.