COA slút lanlik meardere azc's, mooglik ek yn Balk

29 mrt 2018 - 12:48

It Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) slút lanlik meardere azc's wêrûnder nei alle gedachten ek dy yn Balk. Tongersdei yn de neimiddei wurdt de offisjele meidieling hjiroer ferwachte. It personiel krijt it earst te hearren.

Der binne folle minder opfangplakken nedich omdat der harren minder minsken melde mei in asyloanfraach. Dat betsjut lanlik in ynkrimping fan 31.000 nei 27.000 opfangplakken. En dat hat ek gefolgen foar it personiel. It azc yn Balk iepene yn septimber 2016 de doarren foar de asylsikers. Tegearre mei Snits (novimber 2016) wiene dit de lêste twa azc's yn Fryslân dy't iepene waarden.

Trefwurden: 
COA AZC asylsikers Balk
(advertinsje)