Gemeente wol havenkantoar Starum foar 70.000 euro opknappe

Gemeente Súdwest-Fryslân
De gemeente Súdwest-Fryslân wol 70.000 euro frijmeitsje om it havenkantoar yn Starum in flinke opknapbeurt te jaan. De gemeenteried wurdt yn maaie frege it jild beskikber te stellen.
By de renovaasje stiet duorsumens sintraal. Sa kriget it nije kantoar kezinen mei sterk isolearjende beglêzing en wurdt de cv-tsjettel ferfongen troch in luchtwaarmtepomp. Mocht de opknapbeurt trochgean, dan sette de wurksumheden yn de hjerst útein, nei it wettersportseizoen.