Coffeeshop lit minderjierrige binnen en moat tydlik ticht
Coffeeshop American oan de Nieuwesteeg yn Ljouwert is nei in oertrêding fan in regel út de Opiumwet sletten. Dit hat boargemaster Ferd Crone tiisdei besletten. Yn de shop kaam de plysje in minderjierrige tsjin en dat is yn striid mei de wet.
De shop moat de doarren foar in perioade fan trije moannen ticht hâlde.