Plannen foar 90 sosjale hierwenten op It Hearrenfean

It âlde postkantoar op it Boargemaster Kuperusplein © Google Streetview
WoonFriesland wol op it plak fan it âlde postkantoar oan it Boargemaster Kuperusplein op It Hearrenfean op syn minst 90 sosjale hierwenningen bouwe. It is de bedoeling dat der uterlik yn de hjerst fan 2020 mei de bou úteinset wurdt. De gemeente wol by de plannen oanslute en útsykje hoe't it eastlik part fan it sintrum fan It Hearrenfean it bêst ûntwikkele wurde kin.
De gemeente sil earst yn petear mei direkt belanghawwenden yn de omjouwing oer de fraach hoe't it gebiet oantrekliker makke wurde kin. Dêrnei wurdt praat mei ûnder oare ûndernimmers, bewenners en sintrumbesikers.