Brânwacht iepenet pop-up store yn Drachtster sintrum

29 mrt 2018 - 11:00

De brânwacht iepenet takom woansdei oan it Raadhuisplein yn Drachten in pop-up store. Brânwachtminsken jouwe yn dit tydlik ûnderkommen ynformaasje oer brânfeiligens en de meast foarkommende oarsaken fan brân. De pop-up store is yn de perioade fan 4 april oant en mei 20 april elke woansdei, tongersdei, freed en sneon iepen.

De store is ûnderdiel fan de feilichheidswiken yn Drachten. Der sil ek in brânwachtoefening plakfine en op ferskate lokaasjes wurde foarljochtingen jûn oer brânfeiligens.

Trefwurden: 
brânwacht pop-up store
(advertinsje)