Friezen fiele har it feilichst fan alle Nederlanners

29 mrt 2018 - 10:20

Friezen fiele har feiliger as de rest fan de Nederlanners. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau nei feiligens yn Fryslân. De Friezen jouwe in 7,8 as rapportsifer foar harren algemiene gefoel fan feiligens. Yn har eigen hûs fiele se har it meast feilich. Mar 5 persint jout oan dat de buert der it ôfrûne jier minder feilich op wurden is.

Ynternetfeiligens

Op ynternet fiele Friezen har it minst feilich. Mar 39 persint fan de ûnderfregen fielt him hjir feilich. Dochs kinne se hjir sels ek noch wol wat ferbetterje. Minder as de helte jout oan geregeld wachtwurden oan te passen en back-ups te meitsjen.

WhatsAppgroep

Friezen dy't lid binne fan in online groep fiele har faker ûnfeilich as minsken dy't hjir gjin diel fan útmeitsje. Mar 35 persint fan de ûnderfregen jout oan dat se har feiliger fiele no't se yn in WhatsAppgroep sitte.

(advertinsje)