Strânfestival Glemmer Beach makket twa nije nammen bekend

29 mrt 2018 - 10:03
André Hazes - Foto: ANP

De organisaasje fan Glemmer Beach hat tongersdei twa nije nammen bekendmakke fan artysten dy't dit jier op it strânfestival optrede sille. André Hazes en Waylon binne taheakke oan de line-up fan it festival dat fan 30 augustus oant en mei 1 septimber op De Lemmer plakfynt.

Earder waard al bekendmakke dat Kensington, BLØF en Ronnie Flex op it muzykfestival oan de Iselmar te hearren binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)