De Hoop Scheffer jout kolleezjes op Campus Fryslân

29 mrt 2018 - 09:58

De eardere minister fan Bûtenlânske Saken en âld-sekretaris-generaal fan de NAVO Jaap de Hoop Scheffer wurdt ambassadeur fan it University College Fryslân yn Ljouwert. Yn syn lessen sil er syn ynternasjonale kennis en ûnderfining diele mei de studinten.

Hy jout sels oan dat it gjin tafal is dat er foar Fryslân keazen hat. "Mijn moeder is hier geboren en mijn grootvader kwam vroeger voor zaken vaak in de Beurs in Leeuwarden waar Campus Fryslân zich straks vestigt. Hoe mooi is het als zijn kleinzoon hier jaren later les gaat geven."

(advertinsje)