Kollum: "Optimisme"

"Op tsjustere dagen kin ik tinke dat it mei ús net goed komt. As we net ûndergean yn in nije wrâldoarloch, dan sil dat wol barre troch klimaatferoaring, of oars is der wol dat hystearyske en gekmeitsjend grypfirus. En as ik wol, kin ik alle dagen yn it nijs oanliedingen fine foar soberheid. De Russen sette spionnen yn mei senuwgas, de grypepidemy duorret no al fyftjin wiken fersus njoggen normaal, en hat al tûzenen libbens easke - ja, dat is echt sa - en de plestik sop yn de Stille Oseaan is fjouwer kear grutter as we earder tochten.
Mar we moatte net ferjitte om soms ek even de oare pagina's yn de krante te lêzen. Juster kaam it nijs dat de cv-tsjettel útband wurdt. Yn 2020 wurdt de lêste cv-tsjettel ynstallearre, as it oan brânzje-organisaasje Uneto-VNI, de fabrikanten fan cv-tsjettels, inkelde belangrike milieu-organisaasjes en in grut diel fan de Nederlânse enerzjysektor leit. Want, we moatte fan it gas ôf. Dat moat foar it miljeu, mar ek foar de Grinzers.
Myn cv-tsjettel is no hast fyftjin jier âld. Docht it noch bêst, mar is net de sunichste dy'tst no krije kinst. Dus ik wie foarsichtich al wat oan it sparjen en my oan it ynformearjen. En by it sykjen, tocht ek ik: ja, mar ik wol eins hielendal net wer in gastsjettel. Allinnich, wat is in alternatyf, ast yn in âlde binnenstêd wennest.
Myn broer is krekt ferhuze nei in wyk mei gloednije wenningen, en hat stedswaarmte as ferwaarming. Dat betsjut dat der in lieding mei waarm wetter syn hûs binnen komt. Wêr't dy waarmte wei komt, wit ik net, mar dat kin fansels de enerzjysintrale wêze dy't in pear kilometer fierderop stiet, of ierdwaarmte.
Hjir yn 'e binnenstêd wurdt elk jier de stoepe wol ien kear iepen makke om der wer in nije lieding of kabel yn te lizzen. Dus ja, it is in protte wurk, mar stedswaarmte is hjir bêst in opsje. Ek waarmtepompen, dy't wurkje as omkearde airco's, binne mooglik. Dat liket my net it meast geskikte systeem, omdatst waarmte út de bûtenlucht helje moatst. Dus op de dagen datst it it measte nedich hast, is it it minst beskikber. Mar hawar, der binne mooglikheden. De wittenskip en de technologyske ûntwikkelingen geane sunich fierder. Dat is moai.
Fansels, it sil allegearre wer jild kostje, en dêrom wie dy enerzjykoälysje ek foarsichtich mei it gasfrije takomstbyld. In nije cv-tsjettel kostet no miskien twatûzen euro, en in waarmtepomp is gau twa kear sa djoer. En ja, fjouwertûzen euro is in soad jild, mar it is net de ein fan 'e wrâld. Sommige minsken jouwe mear út oan in auto, tink ik dan mar wer.
Fierderop yn myn krante stie noch in berjocht: 'Opsteker voor jacht op kernfusie'. O ja, kearnfúzje. Dat klinkt as kearnenerzjy, en dat is it ek wol, mar yn stee fan kearnspjalting sa't no gebrûklik is, wurdt hjir wurke mei it gearsmelten fan kearnen. En dat leveret in protte enerzjy op, en suver gjin radio-aktyf ôffal. Yn myn jeugd, by skiekunde, waard der al mei entûsjasme oar praten, mar je ferjitte soms wolris wat.
Ik wie bygelyks wat somber oer de opkomst fan de elektryske auto, en al it oare elektryske guod dat we yn hûs ha hjoed-de-dei, want it sûpt allegearre elektrisiteit. We ha de gloeilampe ôfskaft - lykas no dus miskien bart mei de cv - mar ast dêr in elektryske auto tsjinoer setst, sjit it net op. Wêr helje we al dy enerzjy wei, freegje ik my wolris ôf.
Kearnfúzje. Se bouwe yn Frankryk in proefsintrale. Grut probleem is dat kearnfúzje by ûntsachlik hege temperatueren bart, mar yn Eindhoven ha se in manier fûn om dêr mei om te gean, stie yn 'e krante. En as dit slagget, dan ha we in skier einleaze boarne fan enerzjy. Want de brânstof fan kearnfúzje is wetter.
It is noch net útsein dat we ûndergean oan de Russen of de gryp, mar litte we de optimistyske lûden út de wrâld fan technologyske ûntwikkelingen net ferjitte. Hup ierdwaarmte, hup kearnfúzje!"