Begraafplakken Drachten fol

15 jun 2012 - 11:49

De Zuiderbegraafplaats en De Slingehof yn Drachten binne fol. Der kinne gjin grêven mear hierd of kocht wurde. Der is gjin romte mear. De gemeente Smellingerlân hat gjin belied om grêven te romjen en de grêven kinne ek net mear 'skuodde' wurde. Dermei wurdt bedoeld dat in kiste djipper komt te lizzen, sadat der noch ien of twa boppe op kinne.

Mar dat is op beide hôven net mear mooglik omdat se dan yn it grûnwetter komme te lizzen. Yn Drachten wurde no allinnich noch grêven útjûn op de Wâldhof.

(advertinsje)