Hoe help ik myn feriening de kommende fiif jier?

28 mrt 2018 - 23:14

In spesjale gearkomste yn Holwert foar sportferieningen út de DDFK-gemeenten moat soargje foar in antwurd op de fraach: 'Hoe sjocht myn sportferiening der oer fiif jier út?'

De gearkomste, dêr't tsientallen bestjoerders fan ferieningen op ôf kamen, waard organisearre troch Sport Fryslân. Ek it Nederlânske follybalbûn en de KNVB wiene oanwêzich. Dochs wie it lestich om in antwurd te krijen op de fraach, benammen om't de klups noch tefolle dwaande binne mei de problemen fan no. It is hast net te dwaan om nije frijwilligers te finen, lit stean in nij bestjoer. Der is net genôch kapasiteit by de klups om safier foarút te sjen.

In oplossing dy't Sport Fryslân oandroech is mear gearwurking mei oare sportklups. Sa soene ponghâlders by meardere klups helpe kinne of soene fasiliteiten troch meardere ferieningen brûkt wurde kinne. De plannen lykje noch fier fuort, mar de earste petearen hawwe no dus west.  

Trefwurden: 
DDFK frijwilligers
(advertinsje)