Ekstra omtinken foar wurkjouwers mei bysûndere wurknimmers

29 mrt 2018 - 07:00

Spesjale oandacht foar wurkjouwers dy't minsken yn tsjinst hawwe mei in arbeidsefterstân. Se wurde tongersdei nammentlik yn hiel Fryslân yn it sintsje setten. Sa'n 200 Fryske bedriuwen krije fan it regionaal wurkbedriuw 'Fryslân Werkt' in ûnderskieding foar harren ynset foar dizze minsken. Dat gebeurt yn it ramt fan de lanlike 'dei fan tûzen foarbylden'. Dy dei is ûnderdiel fan it inisjatyf 'Op nei 100.000 banen', wêrby't wurke wurdt oan 100.000 banen foar minsken mei in arbeidsbeheining, foar 2026.

Leave, hurde wurkers

Ien fan de bedriuwen mei wurknimmers mei in arbeidsbeheining is de Zuivelhoeve. Eigener Anton Klapwijk hat yn totaal trije wurknimmers dy't út de Wajong komme: twa yn Ljouwert en ien fan It Hearrenfean. Hy fynt it frjemd om der in priis foar te krijen. "Ik hoorde ook dat ik de prijs kreeg. Raar, want ik vind dat iedereen deze lieve, hardwerkende mensen aan zou moeten nemen."

(advertinsje)