57-jierrige ynwenner fan De Jouwer fermist

28 mrt 2018 - 21:58

Op De Jouwer wurdt de 57-jierrige Rens Jouwsma fermist. De man is tiisdei foar it lêst sjoen. Hy is doe fan hûs gien yn syn grize Volvo.

Rens Jouwsma is 1.83 meter lang, hat in pleister op syn gesicht, krekt boppe syn linkereach. Hy draacht in swarte spikerbroek, in swarte learzens en in korte griene fleecejas. Minsken dy't ynformaasje oer him hawwe, wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
fermissing Rens Jouwsma
(advertinsje)