"De 81 miljoen moat brûkt wurde foar ferbreedzjen slûs"

28 mrt 2018 - 21:52

De hast folsleine Steaten fine dat de tafaller fan 81 miljoen euro by it opknappen fan de Ofslútdyk, brûkt wurde moat foar it ferbreedzjen fan de slûs by Koarnwertersân en om de brêgen dêr op te knappen. In moasje fan it CDA, de VVD en de FNP yn Provinsjale Steaten krige allinnich gjin stipe fan de Partij voor de Dieren. It is no oan deputearre Kielstra om dizze saak oan te kaarten by it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.

It ferbreedzjen fan de slûs is al jierren in winsk fan de regio, mar noch hieltyd is net al it nedige jild byinoar helle.

Fan de 81 miljoen dy't der no ynienen frij liket te kommen, kinne de brêgen ek earder oanpakt wurde as dat Rykswettersteat no yn de holle hat. Der binne gauris problemen mei de brêge, dêr't it ferkear dan ek bot lêst fan hat.

Trefwurden: 
Provinsjale Steaten
(advertinsje)