"Der is gjin belangeferfrisseling by it Waadfûns"

28 mrt 2018 - 21:29

Der is perfoarst gjin sprake fan belangeferfrisseling by de ferdieling fan it jild fan it Waadfûns. Dat seit deputearre Klaas Kielstra.

Woansdei waard yn Provinsjale Steaten praat oer in rapport fan de Noardlike en de Rânestedske rekkenkeamers. Dy kamen koartlyn mei swiere krityk op de ûnôfhinklikens fan it Waadfûns. De kontrôleynstânsjes fine de rol fan de provinsjes te grut. Sa nimme sy aansten in beslút oer subsydzjes dy't se sels oanfreegje.

Tafersjoch

De beoardieljende rol soe oernaam wurde moatte troch in ûnôfhinklike kwaliteitskommisje, fine de rekkenkeamers. Neffens de rekkenkeamers liket it sa op 'in slachter dy't syn eigen fleis kart'. De Steaten binne kritysk. Se fine dat it tafersjoch ferbettere wurde moat. Noch dit jier moatte dêrfoar regels op papier komme te stean. Sa moat der sjoen wurde nei ûnôfhinklike beslútfoarming. Dêr wurdt hurd oan wurke, sa seit deputearre Kielstra..

Moasje fan treurnis

De PVV fynt it net genôch. De partij tsjinne in moasje fan treurnis yn. Dêryn spruts de partij har ôfkarring út oer de gong fan saken binnen it Waadfûns. De moasje helle it net.

It Waadfûns waard yn 2006 oprjochte om de gefolgen fan de gaswinning ûnder de Waadsee te kompensearjen. Bedriuwen en oerheden kinne subsydzje oanfreegje foar projekten dy't goed binne foar de natuer en it lânskip. Sûnt 2016 binne de Waadprovinsjes folle mear belutsen by it ûntwikkeljen en it yntsjinjen fan subsydzje-oanfragen.

(advertinsje)