Autopoetser ferkeapet auto troch en moat de sel yn

28 mrt 2018 - 21:10

In 39-jierrige ynwenner fan De Pein moat in moanne de sel yn om't er in auto sûnder tastimming trochferkocht hie. De man moast de auto eins allinnich mar poetse, mar hie sûnder it de eigener te sizzen, de wein trochferkocht.

De frou fan wa't de Opel Vectra wie woe de auto eins sels ferkeapje, mar kaam derachter dat de man dy't sy frege hie om har auto te poetsen de wein sels op Facebook te keap stean hie. Yn de tuskentiid hie de fertochte hieltyd tsjin de frou sein dat er it drok hie, en noch net oan it poetsen ta kaam wie.

Brân

Nei't de frou fia WhatsApp dúdlik makke hie dat se har Opel werom hawwe woe, fûn se in slúf mei 300 euro yn de brievebus. It die bliken dat de Peiner de auto foar 650 euro trochferkocht hie oan in bedriuw yn Ljouwert. De frou krige dêrnei op driigjende toan fan it bedriuw te hearren dat se de "vrijwaringscode" trochjaan moast. Soe se dat net dwaan, dan waard de auto yn de brân stutsen.

Skeafergoeding

It die bliken dat de fertochte sels oan de auto knutsele hie, en nei alle gedachten de motor opblaasd hie. De man wie brutaal te wurk gien, sa fûn de plysjerjochter. Neffens de rjochter moat de auto werom nei de frou, en moat de fertochte tûzen euro skeafergoeding betelje, boppe-op de 300 euro dy't er al oan de frou jûn hie.

Trefwurden: 
justysje poetse auto
(advertinsje)