Rekreaasjewente soarget foar pineholle op Flylân

28 mrt 2018 - 20:48

De gemeente Flylân hat mooglik in grut probleem mei in rekreaasjewente. De famylje Gallas krige in fergunning om in bedriuwswenning op it mjitstasjon fan Rykswettersteat om te bouwen ta rekreaasjewenning.

De famylje krige de fergunning om't de gemeente in oplossing socht foar in oar probleem. De Gallas-broers en har foarâlden hiene al sûnt 1905 de Robbenhoeve, mar moasten fan dizze rekreaasjewente ôf doe't der in bedriuweterrein omhinne boud waard.

Buorlju

Der wurdt al sûnt de jierren 90 praat oer in oplossing, en yn 2015 like dy der lang om let te kommen doe't it mjitstasjon beskikber kaam. Mar de buorlju fan it mjitstasjon binne it der net mei iens. Sy binne benaud dat der grutte groepen toeristen it gebou brûke sille. Buorfrou Anja de Groot: "Als in het dorp een gewone woning tot recreatiewoning zou worden verbouwd, staat het hele dorp op zijn kop staan. Maar omdat wij in uithoek wonen, kan het blijkbaar wel."

Fuotbalteam

De Ried fan Steat bûcht him no oer de kwestje, en neffens de rjochter is de omjouwingsfergunning dy't útjûn is troch de gemeente net dúdlik. Sa frege de rjochter oft der ek in fuotbalteam bliuwe koe. Neffens de bruorren is dêr net genôch romte foar. "Er zijn slechts drie slaapkamers met zes bedden. Wij zitten er alleen met onze gezinnen, familie en vrienden. Als u een goede vriend van ons wordt zou u er wel kunnen recreëren. Maar geen voetbalteam."

De Ried fan Steat docht oer inkele wiken útspraak. Mocht de rekreaasjefergunning ferneatige wurde, dan hat de gemeente Flylân mooglik in grut probleem, want dan moat der in nije beskikbare rekreaasjewenning fûn wurde. En dy binne dreech te finen op Flylân.

(advertinsje)