Skylge liket de nijbouplannen op de Dellewal troch te setten

28 mrt 2018 - 18:27

De gemeente Skylge liket de nijbouplannen op de Dellewal troch te setten. Yn it gebiet, krekt bûten West-Skylge, moatte trettjin apparteminten komme. De stichting Natuurherstel Baai Dellewal ferset him tsjin de plannen. De stichting wol natuerherstel, en pleitet foar sloop fan de noch besteande bebouwing. Se neame de bebouwing "de schandvlek van Terschelling."

De aksjefierders wolle it folsleine Dellewal-terrein opkeapje. Se hawwe wol each foar de wenningneed op Skylge, mar wize op oare plakken dêr't wenningen boud wurde kinne.

Trefwurden: 
Skylge Dellewal
(advertinsje)