Protest by de Ried fan Steat oer grûnwetterstân

Haadkantoar Wetterskip Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Bewenners fan de Oude Willemsweg en in blombolleteler yn buorskip Oude Willem by Appelskea hawwe tongersdei by de Ried fan Steat protestearre tsjin de ferheging fan de grûnwetterstân, dy't fan Oude Willem in natuergebiet meitsje moat. De beswiermakkers fine dat de effekten fan it ferheegjen fan de grûnwetterstân net foldwaande ûndersocht binne.
Wetterskip Fryslân en de Drents Overijsselse Delta wolle de grûnwetterstân mei fiif oant tsien sintimeter ferheegje. De blombolleteler tinkt dat de grûnwetterstân yn de praktyk wol folle heger útfalle kin. Hy seit dat eltse sintimeter heger wetter, skea oan de blombollen feroarsaakje kin. De beide wetterskippen tinke dat soks tafalt, omdat der in kade lein wurdt om de plakken hinne dêr't it wetter net heger stean mei.
Oude Willem is 450 bunder grut. Dêrfan leit sawat de helte yn Fryslân en de helte yn Drinte.