Wurkstraf om weedplantaazje Twizelerheide

28 mrt 2018 - 16:38

In man fan 29 jier út Twizelerheide moat 60 oeren ferplicht oan it wurk, omdat hy in weedplantaazje yn syn sliepkeamer hie. De kwekerij waard by tafal fûn troch de plysje. Dat wie op 22 septimber ferline jier, yn in appartemintekompleks oan de Popels yn Twizelerheide. Se wiene dêr doe foar wat oars, mar doe't de fertochte de doar iependie, rûkten de aginten in sterke weedlucht.

It die bliken dat de man 54 weedplanten hie. De man sei woansdei tsjin de rjochter dat hy jildproblemen hie en wat ekstra jild fertsjinje woe. Hy hie ferline jier syn fakânsjejild brûkt om de materialen foar de weedplantaazje oan te skaffen. De man is nei de fynst fan de plantaazje syn hûs útsetten. De offisier fan justysje tinkt dat de man goed fiiftûzen euro oan de plantaazje fertsjinne hie, mar dêr gong de rjochter net yn mei.

(advertinsje)