Opfallend nij keunstwurk yn de Blokhúspoarte

28 mrt 2018 - 15:56

Nettsjinsteande alle politike diskusje oer de finansjele situaasje, wie der woansdeitemoarn reden foar in lyts feestje by de Blokhúspoarte. Ien fan de pleinen yn de âlde finzenis krige nammentlik in bysûnder keunstwurk. It giet om in stik metaal fan 16 meter heech mei boppeyn in kamera dy't bylden projektearret op in skerm of in website. It byld is fan de ferneamde keunstner Ron Arad út Israel, en hat de namme Spyre krigen.

Spyre is in kinetysk byld makke fan stiel, mei fjouwer draaiende gewrichten. Hjirtroch kin it hieltyd feroarje, en sjocht it byld der hieltyd oars út. Spyre bliuwt noch oant ein maaie yn Ljouwert stean. Hjirfoar wie it byld ek te sjen yn Londen en Milaan.

(advertinsje)