Unyk karbonpapier Escher by Fries Museum te sjen

Yn de tentoanstelling 'Escher op reis' lit it Fries Museum in bysûndere brûklien út in priveekolleksje sjen. It giet om in karbonpapier dat de yn Ljouwert berne keunstner brûkte om syn foarstellingen oer te setten op stien of hout, wêrûnder syn bekende 'Dag en Nacht' út 1938. It karbonpapier lit goed sjen hoe't er syn printen makke. Yn de linen op it karbonpapier binne noch details werom te sjen fan 'Dag en Nacht'.
De tentoanstelling 'Escher op reis' wurdt 28 april iepene.