Tal learlingen Ulbe van Houten yn Sint-Anne wer tanommen

28 mrt 2018 - 15:02

Kristlike skoalmienskip Ulbe van Houten yn Sint-Anne groeit dit jier op 'e nij mei 10 persint. Dat binne 128 learlingen mear. Ferline jier wie der al 7 persint groei. Dat is opfallend, omdat de skoalle stiet yn in gebiet dêr't it oantal potinsjele learlingen alle jierren mei 15 persint ôfnimt. De skoalle ferklearret de groei sels trochdat Ulbe van Houten troch Elsevier útroppen waard as ien fan de bêste skoallen fan Fryslân.

Fierder is de skoalle ûnderdiel fan de Campus Middelsee. Dat is in nij learwurkplein, dêr't ek twa oare skoallen by hearre. Mei help fan it regionale bedriuwslibben wurde learlingen taret op in ferfolch nei de middelbere skoalle. In protte bedriuwen hawwe ferlet fan saakkundich personiel. Mei help fan de campus soene jongeren yn de regio bliuwe moatte en soe de krimp bestriden wurde moatte.

(advertinsje)