Gjin uterlike spoaren fan geweld by stoarne Ljouwerter

28 mrt 2018 - 14:46

Op it lichem fan de Ljouwerter, dy't ôfrûne sneon ferstoar by syn arrestaasje, binne gjin uterlike spoaren fan geweld oantroffen. Dat meldt it Iepenbier Ministearje op basis fan it seksjerapport. De plysje kaam nei de wente fan de man yn de wyk Techum yn Ljouwert nei in melding fan in rûzje.

Nei in petear woe de plysje de man oanhâlde. Dy fersette him doe sa bot dat hy by de wrakseling net goed waard. Reanimaasje mocht net mear helpe, de man ferstoar op it plak sels. De tadracht fan de rûzje is noch net dúdlik. De Ryksresjerzje ûndersiket wat der krekt bard is.


 

(advertinsje)