Jeugdteam spilet histoaryske fuotbalwedstriid op Flylân

28 mrt 2018 - 14:26

It wie sneon in histoaryske dei op Flylân. Foar it earst waard in offisjele wedstriid ûnder de flagge fan de KNVB spile. Ien fan de jeugdteams hie de primeur.

Oars moasten de fuotballers fan VSV '31 foar thúswedstriden nei de wâl. Op it fjild fan VV Harns spilen se de thúswedstriden, mar dat is no foarby. De spilers fan de  wâl komme no nei har eilân ta. En dy spilers fine dat hielendal net slim. Op de boat en dan op de fyts nei it fjild. Foar de spilers fan SDS út Easterein wie it in moai útstapke.

Champions League-sfear

Yn wiere Championsleaguesfearen kamen de spilerkes fan de jongste jeugd it fjild op. De publike belangstelling wie fuort ek grut. Neffens de ferneamde 'Jan van Vlieland' is elkenien bliid dat no lang om let offisjeel ek fuotballe wurdt ûnder KNVB-flagge op it eilân. Op alle oare eilannen is dat altyd al sa, mar op Flylân hat noch nea echt kompetysjefuotbal west. De foarsitter fan de klup fynt it benammen foar de jeugd wichtich om dat "kompetysjegefoel" wol te krijen. Ek trainer Guido Veenstra is wiis mei de echte thúswedstriden. De bern ha der in hiel soad om frege en no is it einlik safier.

It fjild is noch net al te bêst, mar dêr sil sa gau as mooglik wat oan dien wurde. Yn april giet it op 'e skeppe en dan kin de jeugd nei de simmer op in better fjild spylje. It fuotbalfjild is lykwols ek it haadterrein fan it festival Into The Great Wide Open. Dy sille der no ek rekken mei hâlde moatte dat de bal dêrnei wer oer it fjild rôlje moat. Dat hat de organisaasje ek tasein.

Flylanner geiten

Earder wiene der wedstriden tusken Skylge en Flylân. As de Flylanners dan út spylje moasten, stiene op Skylge bakjes mei jirpelskilen klear foar de Flylanner 'geiten'. Dat wie sa'n 60 jier lyn, fertelt Jan van Vlieland. It is noch net dúdlik oft folwoeksenen en it frouljusteam meikoarten ek op it eilân harren thúswedstriden spylje kinne. Foarearst leit der allinnich noch mar in heal fjild. De ynset is wol om alle teams op it eilân spylje te litten.

En o ja, de jeugd fan Flylân wûn sneon fan SDS mei 14-0. No al in histoaryske oerwinning.

(advertinsje)