Joop Atsma ynformateur Achtkarspelen

28 mrt 2018 - 13:57

Joop Atsma fan Surhústerfean sil as ynformateur de mooglikheden foar in nije koälysje yn Achtkarspelen ûndersykje. Hy is frege troch it CDA, dat nei de ferkiezingen as grutste út de bus kaam. Listlûker Jouke Spoelstra neamt Atsma in man mei in soad ûnderfining yn de polityk, dy't goed op de hichte is fan de lokale situaasje. Atsma, senator foar it CDA yn de Earste Keamer, seit sels dat hy giet foar 'in koälysje mei in breed draachflak, dy't rjocht dwaan sil oan de útslach fan de ferkiezingen'.

(advertinsje)